Gedichten voor IJlst & Nooitgedagt

Speciaal voor gedichtendag (31 januari) hebben Gryt Witbraad en Maria de Groot 2 gedichten geschreven voor ijlst en Nooitgedagt:

Hout en izer

Wat is in winter sûnder winter
mei noardewyn of leaver eastewyn
dy’t yn ‘t tsjuster taslacht
it wûnder makket fan sterk iis

doe’t wy se fan ‘e souder hellen
út kranten fan ferline jier
wite fazeline op ‘e izers
fetlik rûkend nei neat oars as froast

de goare fiters
mei raffels oan de úteinen
teanlear, haklear
krekt noch net trochsliten

âlde skuon en ûnderbine op ‘e wâl
dalik al in wiete kont
knopen fan’t haklear oan de bûtenkant
mei kâlde fingers fiters struse

op net té skerpe redens
skeuvelje, preamkeskowe
in sear dûbeltsjes falle
oerein en de wyn yn ‘e rêch

dêr giest dan dêr glydst dan
op dyn ienfâldich ark
makke foar mar ien ding:
foarút!

mar stieste stil yn wintersk paradys
dan hearst de hoare lûden
fan sjongende izers
op âlderwetske lange noaten

Gryt Witbraad

———————–

De Twaalfde Stad

Nooit gedacht dat ik ooit
de donkere nacht
te vlug af zou zijn:
Vóór het licht uit
‘opredens nei Drylts’
de zegelring aan het Geeuw

zij glinstert mij al tegemoet
ik ben een ijlende zwaan op het ijs
met voeten treed ik het water
met ogen schat ik de afstand
mijn handen half bevroren
schieten als vleugels uit

nu ga ik mijzelf te boven
meester van ruimte en tijd

gestrekt naar de tweede stad
word ik de windvlaag
die fakkels onsteken zal
een vuurwerk van stemmen…

en voorbij ben ik al
opweg naar de einder
waar zij ligt verborgen
het Drylts van mijn dromen:
de twaalfde stad

Maria de Groot

Gerelateerde berichten

U kunt geen reactie plaatsen.